Kerkenraad Heeg enthousiast over Present
Sneek 28-04-2011:
Stichting Present Sneek: tsjerkerie Heech set har yn foar Philadelphia
De minsken fan de tsjerkerie mei wat ekstra fersterking (dêr wienen wy tige wiis mei!), ha in dei frijwilligerswurk dien by Philadelphia yn Snits. Philadelphia is in ynstelling dy’t minsken mei in ferstanlike beperking begeliedt. Philadelphia sit ûnder oare op meardere lokaasjes yn Snits: wy ha op de Arkumerhem-strjitte en op de Amaliastrjitte dwaande west. Stichting Present Sneek hat dit projekt koördinearre.
Op sneon 19 maart, moarns om 9.15 oere wie it in gesellige drokte op it plein by de Ichthustsjerke. It wie prachtich waar en elkenien hie der sin oan, dus mar gau nei Snits ta! Yn de Arkumerhemstrjitte stie de kofje al klear. In pear Hegemers wienen dêr al earder en hienen al aardich wurk fersetten: de earste meter fan it fytsehok wie boud.
Christa van Koeveringe (St. Present Sneek) hjitte elkenien wolkom en dêrnei die lokaasjemanager Marjan dat ek. Nei de kofje gong elkenien yn lytsere projektgroepen oan it wurk, in stik of wat minsken gongen doe nei de oare lokaasje op de Amaliastrjitte. De ferskillende projekten wienen:
o it bouen fan in fytsehok
o it opknappen fan in appartemint (sausje, laminaat lizze, in boupakketkast yn elkoar sette en de keamer wer ynrjochtsje)
o de tún oanpakke (perkjes leech helje, tegels lizze en blombakken folje)
o twa muorreskilderingen meitsje
o mei bewenners de lunch en it hapke en drankje klear meitsje (en foar bewenners in appeltaart bakke)
o der op út mei bewenners (kuierje, boadskippen en planten en blombakken helje)
Genôch te dwaan dus! Mar lokkich wienen wy mei in soad frijwilligers ( yn totaal ha 24 Hegemers de hannen út de mouwen stutsen) en net te ferjittten de entûsjaste bewenners en meiwurkers dy’t ek flink meiholpen ha, dus it skeat moai op mei alle projekten. Wy soenen om 16.00 oere ophâlde en tiid nimme foar in ôfslutend hapke en drankje, mar dat is net elkenien slagge. De trochsetters ha klussenderweis in hapke en drankje hân om sa it lêste wurk ek ôf te meitsjen.
Oan it ein fan de dei wiene alle projekten klear, allinne de plinten fan it laminaat moasten der noch yn. Dat is op tiisdeitemoarn noch troch 2 frijwilligers ôfmakke. De minsken fan Philadelphia wiene tige wiis mei it resultaat fan alle klusserij en fansels wiene wy dêr ek grutsk op! As tank krigen wy in moaie túnkears en in groepsfoto. Oanslutend binne wy mei-inoar út iten west. Dêr ha wy de dei gesellich ôfsluten, genietsjend fan in hearlik stamppotbuffet.
Al mei al sjogge wy werom op in tige slagge dei: der is in soad wurk fersetten, de sfear wie goed, wy ha mei-inoar in protte wille hân, it waar wie super en it kontakt mei de bewenners en meiwurkers wie tige noflik. Fijn om op dizze manier mei-inoar wat foar oare minsken betsjutte te kinnen.
Binne jo nei it lêzen fan dit stik ynteressearre yn it wurk fan St. Present Sneek, of wolle jo miskien sels ek wol (allinne of mei in groep) oan ‘e slach? Sjoch dan op: www.stichtingpresent-sneek.nl. It hat ús goed foldien, wy binne in bysûndere en tankbere erfaring riker.
Jitske Krol